Kollum: "Speedboat"

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.
"Earjuster ha wy even nei it skûtsjesilen west. Yn Earnewâld. De frou en ik wienen útnûge troch goekunde dy’t harren kruser op in absolute a-lokaasje oanlein hienen, by it útkommen fan de Lange Sleat, dêr’t de skûtsjes de Sânemar op farre. Se leinen dêr al in dei as twa en sa giet dat mei in soad skippen in skoftsje yn it foar it bêste stikje igge útsykje. It hoekje wie sa kreas keazen dat der gjin skip tsjinoan lizze koe, want dan soenen se binnen de reade boeien en dus yn it wedstriidwetter lizze en dat is by Fryske etikette not done. En al hielendal net yn Earnewâld, dêr’t de skûtsjes net folle romte ha en dus flak by de reade boeikes lâns komme. No wit ik net of jimme wolris by eveneminten komme, mar it folgjende senario moatte jim earnstich rekken mei hâlde. Jo ha alles dien om in moaie middei te belibjen. Moai op tiid fan hûs, kreas te plak. Jo genietsje fan it moaie útsjoch, it waar is folle better as dat foarsein is en it selskip kin it goed pratende hâlde. Jo ha in lekker drankje, jo ite in flaubyt, der is neat oan de hân. Dit foarbyld jildt trouwens foar alle eveneminten, net allinnich it skûtsjesilen.
Om healwei ienen begjinne de skûtsjes mei ynsilen. Hjir en dêr fart noch in lette kruser, mar fierder is it wetter foarbehâlden oan de fjirtjin Fryske swannen, dy’t moai en steatlik tusken de boskjes fan de Alde Feanen trochsile. Goed healwei twaen sykje se harren plakje op yn de Lange Sleat, dêr’t de start is. Op dat stuit is it wetter even leech fan skippen. Meastal. Want dan komme se. De lju dy’t miene dat om tsien foar twaen noch wol even in rom plak foar harren yts te grutte hierkruser of mei in fierstente grutte motor útrêsten speedboat te finen is. As jo pech ha, kletse se fiif foar twaen dy megaboat flak foar jo eigen skipke en binne twa dagen yn it foar genietsjen daliks de feanige grûn ynboarre. As it hielendal treft ha se de hiele middei BOEMBOEMBOEMBOEM muzyk oanstean en steane mei de rêch nei de silerij omdat it harren op it bier nei totaal net ynteressearret. Guon dy’t al even sjogge traktearje jo op teksten lykas: ‘Is dat de D van Dokkum?’ En ‘Kijk, daar is de L van Leeuwarden.’
Yn Starum wol it faak dat der op de dyk om fiif minuten foar de start in stel fan twa meter heech oankomme en mei in ‘Zullen we hier maar?’ breedút foar je sitten gean, mei twa jankende bern dy’t oars net dogge as eamelje om snobberij en drinken. Jo sjogge dus neat mear, wylst it fiif minuten skot giet. Yn Earnewâld wie it ek bingo. Flak foar de start kaam der in grutte speedboat mei in motor dy’t neffens ús freonen allinnich al tweintichtûzen euro kostet, stadich foarby. Se sochten dúdlik om plak, en njonken ús fûnen se dat. Tsjin in boat oan dêr’t kunde op siet. Wy seagen al ris in kear, want by it ynsilen koenen wy Pieter Brouwer, de adviseur oan board fan de Súdwesthoeke, al hast in broadsje jaan, sa ticht stjoerde Auke de Groot syn skip by ús lâns. Mar ja, dat hienen dizze helden fansels net meikrigen, want jo komme pas as de wedstriid al hast begûn is. En dus lei dy piperdjoere speedboat dus binnen de reade boeien yn it wedstriidwetter. En je kinne fan Auke de Groot sizze wat je wolle, as er in koers útstippele hat, hâldt er dy. Dus waard it weardefolle boatsje sawat pletten tusken it hurde stiel fan it Súdwesthoekeskip en dat fan de boat dêr’t er tsjinoan lei. Auke bromde wat oer binnen de boeikes lizze, mar de speedboateigner wie not amused, want der siet in skaafplak op syn strykizer. Dus mei grut bravoer frege er oan it omsittend laach hokker skip dat dan wol net dien hie. Sjoch, dat hier er sels dus net iens sjoen. Machtich kabaret oan de kant fan de mar, kostet neat.
Doe’t der in boat fan de provinsje oankaam, waard dy oanroppen. En doe soe de eigner wol even oanjefte dwaan fan in oanfarring troch sa’n Fryske wetterboer op in platboaiem. Hoe’t dy it yn de holle helle om tsjin syn boat oan te farren. De amtner fan de provinsje bleau freonlik laitsjen en wiisde de man op de reade boeikes. En dat er dêr achter bliuwe moast en dat er dan dochs wol witte moatten hie mei sa’n prachtige boat. Ik ha my de bûsen útskuort, hulde foar dizze meiwurker fan de provinsje. Us hotshot hie gjin poat om op te stean. Mar om dochs noch even syn superioriteit sjen te litten, fear er foardat de skûtsjes finishe wienen dochs noch mar even troch it wedstriidwetter. Want je ha in djoere speedboat en lak oan alles. Jammer dat der doe krekt even gjin plysje wie."