Twa ferwûnen by botsing De Jouwer

03 aug 2016 - 22:36

By in oanriding op de rotonde by De Jouwer binne woansdeitejûn twa persoanen ferwûne rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak kamen de beide auto's mei-inoar yn botsing. Ien fan de twa auto's kaam op syn kant te lizzen troch de klap. Twa persoanen binne mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok De Jouwer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)