Drege tiden transportbedriuwen

Guon Fryske transportbedriuwen stean op de râne fan fallisemint. Troch de hege brânstofprizen, konkurrinsje út it bûtenlân en it mindere konsumintebetrouwen hawwe de ferfierders it dreech.
Yn de earste trije moannen fan dit jier giene lanlik 65 bedriuwen fallyt. Yn Fryslân binne noch gjin falliseminten, mar dat is in kwesje fan tiid, seit Leo Hoogenberg fan Transport en Logistyk Nederlân.
Neffens direkteur René Visser fan Fryslâns grutste transportbedriuw Portena op It Hearrenfean binne it foaral de lytse bedriuwen dy't yn de problemen komme. Se nimme wurk oan ûnder kostpriis en meitsje gjin ôfspraken oer de diselpriis. Portena kin troch kreatyf yn te spyljen op de transportfraach noch wol winst meitsje.