Stellen racefytsen sportsaak Bouma fûn yn sleat

Fjouwer racefytsen waarden yn in sleat fûn © Erik Wolbers
Fjouwer fan de tolve racefytsen dy't ôfrûne wykein stellen binne út de sportsaak fan Haico Bouma yn Aldehaske binne woansdei werom fûn yn dat plak. De plysje trof de racefytsen oan yn it sleat by de krusing fan de Meenscharweg en de Wildehornstersingel. De fytsen waarden dit wykein stellen fia it dak fan Bouma's sportsaak. It wie al de twadde kear yn seis wiken tiid dat der ynbrutsen waard by Bouma.
De eigener fan de sportsaak, Haico Bouma, is der net bliid mei dat syn racefytsen yn de sleat smiten binne.