Túchhynders yn aksje by konkoers hippyk Bûtenpost

03 aug 2016 - 20:58

By it ienspan túchhynderriden troch froulju gie de titel woansdei nei Anneke Huckriede-Borkent. Sy wûn de nasjonale titel mei it hynder Business. It twadde plak wie foar Fera Lueks-Muggen mei it hynder Dit Is Em. De tredde priis wie foar Hanneke van Wessel mei it hynder Briljant W.

By it Nederlânsk ferieningskampioenskip yn de kategory 'merjes túchhynders Frysk ras' gie de earste priis nei Hendrik Eppinga mei it hynder Ytsjen.

Yn de kategory 'fjouwerspan túchhynders Frysk ras' gie de titel woansdei nei Susan Bouwman-Wind. It twadde plak wie foar Udo de Haan. It tredde plak wie foar Frits de Jong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)