Epke Zonderland docht yn Rio allinnich mei op rek

03 aug 2016 - 19:48
  • Epke Zonderland

Turner Epke Zonderland komt by de Spelen fan Rio allinnich út op it rek. De gouden medaljewinner fan fjouwer jier lyn komt net yn aksje op de brêge en foltiizje. Hy hat in blessuere oan syn finger.

Seis, acht wiken lyn hat er syn finger kniesd, seit er tsjin de NOS, en yn de training yn Rio kaam er okkerdeis wer mei in 'goeie tik' op de rekstôk, en syn fingers klapten deselde kant op as earder. 

Yn earste ynstânsje skok er dêr al fan, sei er, it die ferskuorrende sear, de hân waard dik, en hy koe der net in soad mei, mar hy hat rêst naam, en yn de dagen dêrnei gong it al better.

Neffens bûnscoach Bram van Bokhoven is it in tsjinfaller. Oan de oare kant is der ek posityf nijs te melden, want nei de poadiumtraining fan woansdei seach de oefening fan Epke oan it rek der goed út. Sneon hat er syn earste wedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)