'Ophâlde mei ynkommenstoets'

02 maaie 2012 - 12:36

Smellingerlân moat fuortendaliks ophâlde mei it útfieren fan de húshâldynkommenstoets. Dat fynt de SP yn 'e gemeente. By de regel wurdt sjoen nei hoefolle ynkomsten oft in húshâlding hat. Ynkommens fan ynwenjende bern wurde dêrby meiteld. Dat is fan ynfloed op de útkearing fan de leden.

De fjouwer grutte gemeenten yn Nederlân binne yn oerlis mei it Ministearje fan Sosjale Saken mei de nije regel ophâlden. Dat is nei oanlieding fan it akkoart dat ferline wike sletten is troch it regear en de fraksjes fan Grien Links, D66 en Christenunie.

De SP yn Smellingerlân is derop tsjin dat de iene gemeente de regel wol ôfskaft en de oare net.

Trefwurden: 
Drachten SP
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)