Partoer Jan Dirk de Groot wint 163e PC, Wassenaar is kening

03 aug 2016 - 18:55
  • Dirk Jan de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar
  • Kening Hans Wassenaar by de mikrofoan fan ferslachjouwer Geert van Tuinen
  • De huldiging yn Frjentsjer

It partoer fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar hat de 163e PC wûn. Op it Sjûkelân yn Frjentsjer wiene se yn de finale te sterk foar Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra. It waard 5-4 6-6.

Yn de finale namen Jan Dirk de Groot-en-dy al gau de lieding. Benammen Hans Wassenaar spile in tige sterke finale. Op in stân fan 5-2 kantele de wedstryd lykwols en kaam it partoer fan Steenstra werom nei 5-4. De Groot en dy lutsen úteinlik toch oan it langste ein en keatsten nei de oerwinning.

Wei nei de finale

De 163e PC begûn yn de earste omrin ferrassend mei de útskeakeling fan it favorite partoer Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Sy ferlearen fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Patrick Scheepstra. Dit partoer rêde it oant de heale finale. Dêr ferlear it fan Tjisse Steenstra-en-dy. 

Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar berikten de finale troch yn de earste omloop Dirk-Yde Sjaarda-en-dy te ferslaan. Yn de twadde omloop wiene se mei 5-1 6-2 te sterk foar it partoer fan Peter van Zuiden. Se berikten de finale troch yn de heale finale te winnen fan Hendrik Tolsma-en-dy mei 5-0 6-6.

"Alles of neat"

Foar Jan Dirk de Groot wie it woansdei alles of neat. It wie syn 13e dielname oan de PC, mar noch nea hie er wûn. Hy wie dan ek fûl op de oerwinning. "Je moatte noch ien kear. Noch ien kear knalle. It lot siet mei en wy keatsten goed. It foel allegear op syn plak", sei De Groot. "Dit is net te beskriuwen. It is in dream! Myn maten wiene fantastysk. Se ha my it lêste setsje jûn."

Kening

Hans Wassenaar waard útroppen ta kening. "Ik bin in gelokkich minsk", seit Wassenaar oer de ekstra priis dy't er dizze PC wint. "Je dreame hjir fan jongs ôf oan fan. Tuurlik seit it kening wêzen wat ekstra's. Dit is hjir absolút in ekstra priis. Mar it mei dúdlik wêze dat ik dit sûnder myn beide maten net wûn hie", seit in grutske Hans Wassenaar.

Huldiging

It winnende partoer wurdt woansdeitejûn om 21.00 oere huldige yn Frjentsjer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)