Opnij warskôgingen foar blau-alch

Blau-alch © ANP
Op ferskate plakken yn de provinsje jildt in warskôging foar blau-alch. Dat is te lêzen op de webside zwemwater.nl. Neffens de side kin der hûdirritaasje ûntstean troch de alch yn de Hegemer Mar by Heech en it wetter by Indyk. Ek kin der oerlêst ûntstean yn it wetter by de Kuilart yn Koudum.
Earder binne der ek al warskôgingen útdien foar it swimwetter by Ealahuzen, de Aldegeaster Brekken, de Rottefalle en Earnewâld. Blau-alch kin njonken hûdirritaasje soarchje foar mage- en term klachten.