"Feilich nêst" foar bern yn azc Burgum

03 aug 2016 - 16:25

Stichting de Vrolijkheid krijt in eigen romte yn it asylsikerssintrum fan Burgum. It giet om in terapyromte, dêr't asylsikersbern holpen wurde har faak negative ûnderfinings te ferwurkjen. Dat wurdt dien mei soarch en kreativiteit. De romte wurdt troch de bewenners fan it asylsikerssintrum sels ynrjochte.

Twadde yn Nederlân

Stichting de Vrolijkheid iepene earder in selde romte yn it asylsikerssintrum fan Katwijk. It gie dêr om in proef, dy't goed útpakt is. Dêrom komme der no ek op oare plakken fêstigings. Dy yn Burgum is de twadde fan Nederlân. Begin septimber wurdt er iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)