"Abe Lenstra Stadion moat smookfrij wurde"

03 aug 2016 - 15:14
  • It Abe Lenstrastadion

It Abe Lenstra Stadion moat mei yngong fan it nije fuotbalseizoen smookfrij wurde. Ferskate partijen wêrûnder SC Hearrenfean, sakeklup OSSH en de GGD begjinne in kampanje om it smoken tenei út it fuotbalstadion te kearen.

De inisjatyfnimmers dogge in berop op de smokers, want it smoken ferbiede kin net. In grutte mearderheid fan de supporters hat oanjûn dat se ûnder de wedstriden lêst ha fan smokende supporters. De klup hat smooksônes ynsteld en ferwachtet dat de supporters dêr tenei hinne gean.

De kampanje bestiet út posters en filmkes mei as tema ''zet roken buitenspel.'' By de kampanje wurde ek fuotballers ynset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)