Skylge stelt grûn beskikber foar opfang fan seehûnen

03 aug 2016 - 13:39
  • Hessel Wiegman mei in sike seehûn op it strân fan Skylge

De gemeente Skylge stelt in stik grûn beskikber foar de needopfang fan seehûnen op it eilân. It giet om in perseel op it bedriuweterrein yn West-Skylge.

De Stichting Zeehonden Opvang Terschelling kin it stik grûn foar ien euro per jier hiere. Dêrneist kin foar nóch in euro ek gebrûk makke wurde fan in tal âlde needlokalen fan de gemeente.

De grûn is beskikber foar in perioade fan op syn meast trije jier. Dêrnei wol de gemeente besjen oft it bedriuweterrein wol it goeie plak is foar de opfang.

Yn de tuskentiid nimt de steatssekretaris in beslút oer de opfang fan seehûnen yn Nederlân. Der moat noch wol in fergunning oanfrege wurde foar de opfang op Skylge, mar salang't dy oanfraach rint kin de gemeente de opfang gedoge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)