Stedhûs Starum troulokaasje ôf

02 maaie 2012 - 12:15

Yn it âlde stedhûs fan Starum kin takom jier net mear troud wurde. Dat hawwe boargemaster en wethâlders fan de gemeente Súdwest-Fryslân besletten. De rie hie fêstlein dat as it âlde stedhûs ferkocht wurde soe, de trouseal beskikber bliuwe moast. Der sit no in bedriuw yn it stedhûs. De eigener dêrfan wol dat de trousealôfspraak ûnjildich wurdt. B en w gean dêr no yn mei.

De Starumers binne net bliid mei it beslút dat der net mear troud wurde kin yn harren trouseal. Se komme yn aksje mei as doel b en w oan de ôfspraken te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)