Fytsedieven trapearre troch Marktplaatsadvertinsje

Plysje © ANP
Twa Ljouwerters fan 17 en 39 jier binne oanhâlden foar it stellen of helen fan in fyts. De eigener fan de stellen fyts seach juster dat de fyts op Marktplaats te keap oanbean waard. Se warskôge de plysje dy't al gau by it Ljouwerter duo útkaam. De stellen fyts waard by de manlju fûn. Se sitte fêst foar fierder ûndersyk.