Hôf: Fakânsjefierders meie driuwende flonders lizze litte

It gerjochtshôf yn Ljouwert © ANP
De eigeners fan in tal fakânsjehûzen yn wetterpark Waterwende yn Wâldsein hoege har driuwende flonders net fuort te heljen. Dat hat it gerjochtshôf bepaald. It bestjoer fan it wetterpark fynt dat de flonders neffens de regels fan it park net meie en stapte nei de rjochtbank. Dy joech it bestjoer gelyk, mar yn heger berop krije no de eigeners fan de flonders gelyk.
It gerjochtshôf wiist der op dat de houten konstruksjes net yn de grûn fêst sitte en dêrtroch oanmerkt wurde kinne as boat. En in boat mei neffens de regels fan it wetterpark wol.