Sven Kramer seit 'Oerisel' ôf

Sven Kramer © ANP
Reedrider Sven Kramer komt sneon net op de fyts yn aksje yn de Ronde fan Oerisel. Hy hat lêst fan 'e knibbel. Dat hat er woansdeitemoarn op syn twitteraccount bekend makke. Kramer soe foar de Noordelijke Wielervereniging Groningen fan start gean yn de wedstriid, mar dat giet no net troch. De reedrider wol neffens syn berjocht op twitter gjin ûnnedich risiko rinne troch syn seare knibbel.
Kramer hat mear as in jier út de running west troch in blessuere oan 'e rjochterskonk. Hy kaam ôfrûne seizoen wer yn aksje op it iis.