Brânwacht leit wurk stil om striid oer pensjoenleeftiid

03 aug 2016 - 11:32
  • Brânwacht

De brânwacht fan Ljouwert sil tongersdei opnij aksjefiere. Tusken twa en fjouwer oere middeis lizze brânwachtminsken it wurk stil. Op 'e Nijstêd sille se in tal brânwachtauto's parkeare, en dêr sille se ek oan it publyk útlizze wêrom't se stake.

De aksje hat te krijen mei in plan wêrby't de pensjoenleeftiid foar betelle brânwachtpersoniel ferhege wurdt. Brânwachten binne tsjin de ferheging om't se gefaarlik en swier wurk dogge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)