"Provinsje moat Sionsberg rêde"

03 aug 2016 - 10:57
  • Sikehûs Sionsberg yn Dokkum

De steatefraksje fan de FNP wol dat de provinsje yn aksje komt foar it behâld fan sikehûs Sionsberg yn Dokkum. De fraksje neamt it tryst dat it sikehûs mei it opsizzen fan it kontrakt troch soarchfersekerder De Friesland opnij bedrige wurdt.

Deputearre Schrier moat sa gau as mooglik mei beide partijen yn oerlis gean, seit Steatelid Sybren Posthumus. Hy fynt it ûnbegryplik dat de soarch oan hast 100.000 minsken konstant bedrige wurdt troch in pear djoerbetelle managers.

Neffens de FNP moat de sikehûssoarch foar Noardeast-Fryslân beskikber en berikber bliuwe en ferwiist nei de moasje fan maaie 2012, dêr't de steaten harren yn útsprutsen foar it behâld fan dy soarch. De provinsje soe neffens de fraksje mear sizzenskip krije moatte oer de sprieding fan soarchfoarsjennings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)