Hûndert popelieren tsjin de flakte yn Ljouwerter bosk

03 aug 2016 - 10:45

As der in bytsje wyn stiet, kinne de tûken samar ôfbrekke. En dat is gefaarlik, seit Riemer Haagsma fan de gemeente Ljouwert. Dêrom wurde der sa'n 100 popelieren omroege yn it Ljouwerter bosk.

It giet om Robustapopelieren, mei in saneamde 'vezelknik': skea oan de beam dy't ûntstien is troch grutte stoarmen. Dy 'knik' soarget derfoar dat de tûken no hiel gau ôfbrekke kinne.

Parten fan it Ljouwerter bosk binne dêrom al sûnt april ôfsletten. It kapjen fan de popelieren duorret oant en mei freed. Dêrnei wurde de warskôgingsbuorden yn it bosk fuorthelle en is it folsleine Ljouwerter bosk wer tagonklik.

De kommende tiid wurdt goed yn de gaten holden at der nije gefallen fan vezelknik by de popelieren ûntstean. Vezelknik is te herkennen oan in ferdikking yn de stam en knobbels op de beam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)