Rykswettersteat warskôget foar drokke Snitswike

03 aug 2016 - 09:36
  • Drokte mei de Snitswike

Rykswettersteat warskôget foar de grutte drokte op it wetter yn de kommende Snitswike. Hûnderten boaten farre dan trochinoar hinne op de Snitser Mar en de wetters dêromhinne. Dêrom freget Rykswettersteat om ekstra oandacht foar de feiligens.

Rykswettersteat komt dêrom mei tips. Skippers moatte sa folle as mooglik oan stjoerboardskant fan it wetter bliuwe, rekken hâlde mei de deade hoeke fan frachtskippen, en de regels op it wetter goed kenne. Dêrneist moatte skippers harren fartocht goed taride.

Rykswettersteat is yn de Snitswike mei meardere boaten op it wetter om tafersjoch te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)