Liveblog: de 163ste PC yn Frjentsjer is los

It is de dei fan de PC, dé keatspartij fan it jier. Wa wurde de opfolgers fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger? En wa nimt de sulveren keningsbal mei nei hûs? Omrop Fryslân docht de hiele dei ferslach fan de PC. Mei flitsen op radio en de wedstriid live op telefyzje fan 15.00 oere ôf. Yn dit liveblog alle útslaggen en in oersjoch fan wat der bart op de sosjale media.
Ferfarskje de side foar de lêste berjochten troch op F5 te drukken. Sjoch foar in folslein oersjoch fan de partijen en útslaggen op Simmer yn Fryslân.