Kollum: "Bak"

03 aug 2016 - 08:50
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.

"Ik gean alle dagen nei it it skûtsjesilen. Want as je thús wat nei de appkes sitten gean te sjen, no dêr doocht hielendal neat fan. De Ljouwerter Krante hat in liveblog. Dat kin ik op de telefoan no ek fine. It liveblog sei moandei dat op De Feanhoop in nije sylformule tapast wie. Der waard finishe yn it Grytmansrak en der waard net op tiid syld. Lit ik dy Ljouwerter Krante en alle minsken dy’t op har appkes ôfgeane dan mar fertelle dat der fan 1948 ôf frijwol altyd finishe is yn it Grytmansrak. Dat de skûtsjes der al dy jierren ek gewoan lavearje ha. Dat der pas yn 1972 en 1973 op tiid syld is. Doe wer in hiel skoft net. Mar de kommisje dy’t it skûtsjesilen dêr organisearret koe de lêste jierren faak net oars. Want se fine, en dat fine de skippers ek, dat je it Grytmansrak net mear yn kinne as der lavearre wurde moat. En dan moat je wol op tiid sile, want je starte wol fan de wâl. Inkeld nij is en dat hat de SKS yn gearwurking mei de kommisje Feanhoop fan ’t jier besletten dat as in wedstriid wol trochgiet mar as der dan net finishe wurde kin yn it Grytmansrak, dat dy wedstriid dan net jildt. Da’s goed. Mar set it Fryske folk net foar gek mei ynformaasje dy’t net doocht, en sis dêr dan net by dat se eartiids net doogden op De Feanhoop, want dat dienen se echt wol. Inkeld kin de hjoeddeiske skippers net mear lavearje op fyftich meter breedte.

Mar dêr woe’k it net oer ha. Ik woe it ha oer wat de jonges fan De Lemmer hieltyd tsjin my sizze: ast nije wike op De Lemmer komst dan sjochst ynienen in grutte bak yn de Iselmar lizzen. In bak? Ja in bak. It skynt dat se dêr in fjouwerkant damwand yn de Iselmar slein ha, fan 25 by 36 meter. Dat wurdt deryn hielendal droech makke, en dan dolle se ek noch. Want der leit noch in fleantúch út de Twadde Wrâldoarloch. In Vickers Wellington. Wylst rûnom yn de wrâld tûzenen fleantugen delkwakke yn woestinen, dolle wy dus ien op. En it is net samar wat, in hiele bak boppe wetter sizze se. Fansels in bedriuw earne oars wei dy’t it docht. Duorret in moanne en it kostet de gemeente Friese Meren sa’n 1 miljoen euro. No krij se it grutste part wol wer werom, mar ik krige al efkes in rilllinkje. In miljoen. Dêr koene we it sikehûs yn Dokkum noch wol in pear jier fan yn stân hâlde. Mar nee, fleantúch. Der bin ferline jier stikken fan fûn, en se wolle it no der weihelje, want it leit yn it paad fan de sânwinning. Ik soe sizze je kin der wol om hinne it sân weihelje. Mar dat wolle se net.
Juster wiene we mei it skûtsjesilen yn Earnewâld en doe tocht ik wer werom oan dat fleantúch wat der leit tusken Earnewâld en Warten, by de Nauwe Saiter. Dat is der delklapt. De measte jonges bin der mei de parasjute útkaam, ien man waard dea fûn, in oaren is net wer sjoen. Ingelsk fleantúch. Nei de oarloch hat de gemeente Ljouwert dat plak brûkt as dwinger. Se ha dêr alle mooglike en ûnmooglike ôffal delsmiten. Op dat fleantúch. Net ien hat der ea oer neitocht. Dat dienen je doe gewoan. Letter wat greide en boskjes der oer hinne, en je farre moai fâkânsjeprovinsje Fryslân yn, en komme dan de Alde Feanen yn fia de Nauwe Saiter. Wy sjogge dan noch efkes, dêr leit er, mar de measten witte it net. En no wol de gemeente dat ek boppe de grûn helje.

As je fierder sneupe wit je dat der noch 501 fleantúchwrakken út de Twadde Wrâldkriich nea wer tefoarskyn helle binne. Ja, emosjoneel hat it wol wat, der moat ek noch 1085 liken lizze. It measte ek noch yn de Iselmar en de Waadsee. Mar nimmen wit wêr presys. Moat we se allegearre omheech helje? Moat se dan ek noch in damwand yn dy âlde dwinger slaan? Al dy grutte izeren bakken dy’t it lânskip fan Fryslân fertutearzje. Lit alles mar rêstich lizze."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)