FIDEO: De lêste iepeningstaspraak fan PC-foarsitter Westra

03 aug 2016 - 07:58

It is in dei fol tradysjes: de PC yn Frjentsjer. Op de fiifde woansdei nei 30 juny is it safier. De âldste sportklassiker fan Nederlân set om healwei tsienen útein op it Sjûkelân yn Frjentsjer. Foar keatsers it hichtepunt fan it jier. Om acht oere wurdt de dei tradisjoneel iepene mei in taspraak fan de foarsitter.

De taspraak is rjochtstreeks te folgjen op Omrop Fryslân telefyzje. It de lêste iepeningstaspraak fan Johannes Westra. Hy is 70, en hâldt op as foarsitter fan de PC. Nei woansdei nimt Ids Hellinga syn funksje oer.

It is dit jier de 163e PC. De earste kear wie yn 1854. Sûnt dy tiid barde it fjouwer kear dat de wedstriid net trochgean koe. Yn 1859 (troch min waar en in pokke-epidemy), yn 1866 (troch in goalera-epidemy), en yn 1943 en 1944 (troch de Dútske besetting).

De earste jierren wie de wedstriid op in terrein krekt bûten de Oosterpoort fan Frjentsjer. Sûnt 1856 wurdt der keatst op it Sjûkelân.

De PC is de hiele dei rjochtstreeks te folgjen op de webside fan Omrop Fryslân, en fansels ek op radio en telefyzje.

Fanwegen it keatsten is der woansdeitejûn gjin Skûtsjesjoernaal op telefyzje. Yn Hjoed is wol in gearfetting te sjen fan de fjirde dei fan it SKS Skûtsjesilen by Terherne. En fansels is de folsleine silerij live te folgjen op Omrop Fryslan radio, online, en fia de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)