Brânwacht befrijt meiwurkster fan thússoarch út lift
In meiwurkster fan de thússoarch siet tiisdeitejûn fêst yn de lift fan senioarekompleks Hettebaes op De Jouwer. De lift stie al wol op de ûnderferdjipping, mar de doar woe net mear iepen.
De brânwacht is te plak kaam om de frou te helpen. Wêrtroch de lift tsjinst wegere, is net dúdlik.