Bypass by Kimswerderwei: ôfrit en oprit woansdeitejûn ticht

03 aug 2016 - 05:51

Wa't woansdeitejûn by Harns rydt, moat rekken hâlde mei wurksumheden oan de dyk. Yn ferbân mei de oanlis fan de nije N31 wurdt der in bypass oer de Kimswerderwei makke. Dêrom is fan acht oere jûns ôf de oprit rjochting Surch ticht. Ek de ôfrit nei Harns is tydlik ôfsletten.

By de Kimswerderwei komt op it plak fan de N31 in nije dyk te lizzen. Dêrom moat it ferkear dêr omlaat wurde. De ferwachting is dat automobilisten tongersdeitemoarn gebrûk meitsje kinne fan de nije bypass.

Fiif fiadukten

De N31 by Harns krijt twa kear twa rydstroken en wurdt oer in lingte fan twa kilometer ferdjippe oanlein. Under it Van Harinxmakanaal wurdt in akwadukt oanlein en der komme fiif fiadukten.

It projekt kostet 146 miljoen euro. De nije N31 moat ein 2017 yn gebrûk naam wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)