Harnzer tegelfabryk makket unyk tegeltablo foar kastielhear

02 aug 2016 - 19:12

1250 tegeltsjes fan 13 by 13 sintimeter. Hielendal mei de hân bakt, glazuerje en beskildere. In unyk projekt yn Harns. It Harnzer tegelfabryk krige de opdracht om in tablo te meitsjen foar in Dútske kastielhear. Op it tablo stiet in wynhûs yn Geörgië mei wyngerds deromhinne. De kastielhear hat dit wynhûs kocht en wol it tablo yn syn kastiel oan de muorre ha.

In grutte opdracht, noch nea earder hat it Harnzer tegelfabryk sa'n opdracht hân en yn Nederlân hinget ek nergens sa'n grut tegelwurk. Trije moannen hat it wurk duorre.

Freed en sneon kinne minsken it tablo noch besjen by it tegelfabryk. Dêrnei giet it op transport nei Dútslân.

Trefwurden: 
Harns tegelfabryk tegeltablo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)