Nije boaten foar Rykswettersteat yn striid tsjin hurdfarders

02 aug 2016 - 17:56

Mei twa nije flugge boaten moat Rykswettersteat der foar soargje dat der net mear te hurd fearn wurdt op de Waadsee. Op de Waadsee meie boaten net hurder farre as 20 kilometer yn de oere. Allinne yn guon grutte fargeulen mei der hurder fearn wurde.

Oant 2009 wiene plysjes ferantwurdlik foar de hânthavening. Dy taken giene doe oer nei minsken fan Rykswettersteat, mar dy mochten allinnich mar warskôgings oan snelheidsoertreders jaan.

Nei oanlieding fan krityske keamerfragen dêroer joech minister Melanie Schultz van Hagen koartlyn tastimming oan Rykswettersteat om boetes út te dielen en proses-ferbaal op te meitsjen. 

Gjin goede kennis

It falt nautysk ferkearslieder Ted van der Zee fan Rykswettersteat op dat in soad minsken op it wetter gjin goede kennis hawwe fan de nautyske regels dy't jilde op de Waadsee. Hanthavening op it wetter is dan ek hurd nedich.

Te hurd farre op it wetter bûten de betonning en ek oare oertrêdings kinne aardich yn de papieren rinne. As je te hurd farre, gjin farbewiis hawwe, gjin swimfest en gjin brânblusser, dan kinne je samar in bekeuring fan 800 euro oan de broek krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)