Cornelis Terpstra en Herman Sprik starte wol by de PC

De winners fan de partij yn Stiens: Herman Sprik, Tjisse Steenstra en Cornelis Terpstra © Henk Bootsma
Cornelis Terpstra docht woansdei gewoan mei oan de PC. Hy hat lêst fan syn hamstring, mar is fit genôch om te begjinnen. Ek syn maat Herman Sprik sil starte yn it partoer fan Tjisse Steenstra. Sprik wie hast it hiele seizoen útskeakele troch in skouderblessuere.
Mocht bliken dwaan dat it net giet mei ien fan beiden, dan wurdt dy ferfongen troch Jacob Wassenaar. De PC is woansdei live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio, tv en ús webside.