Snits pakt twadde deiwinst yn SKS by Earnewâld

It skûtsje fan Snits hat tiisdei foar de twadde kear op rige de deiwinst pakt by it SKS skûtsjesilen. Nei de sleepstart op de Sânemar by Earnewâld like skipper Douwe Jzn. Visser fan Snits mei syn bemanning ûnbedrige op de winst ôf te silen, mar it skûtsje fan Drachten kaam oan de ein aardich yn de buert.
Yn de race nei de finish, dy't op nûmer wie, gong Drachten de Sneker Pan foarby, mar Snits kaam dochs wer werom en pakte krekt de winst.
Achter Snits en Drachten gong de striid tusken De Súdwesthoeke, Grou en De Lemmer. Skipper Auke de Groot einige mei syn skûtsje De Súdwesthoeke úteinlik op plak trije.
"No moasten wy ferdigenje"
Skipper Douwe Jzn. Visser wie bliid mei de winst. "It wie noch spannend op it lêst. Jeroen (skipper fan it Drachtster skûtsje, red.) siet neist ús op wei nei de finish. Wylst we earder in grutte foarsprong hienen."
De race wie ek net te fergelykjen mei dy fan moandei, doe't Snits ek wûn. "Juster moasten wy fan it lêste plak nei foaren sile. No starten wy as earsten en wienen we oan it ferdigenjen. De wyn kaam faak fan achteren, dus dat wie wol efkes wat oars."
Visser sjocht út nei de kommende dagen. "Dan sile we op it gruttere wetter. Dat is eins mear ús plak."
Foar skipper Jeroen Pietersma fan Drachten wie it in fantastyske race. "We hienen in monsterstart, wylst ik eins gjin foarstanner bin fan in sleepstart. Mar ús skûtsje fielde geweldich oan."
Nei in duel mei De Súdwesthoeke, pakte Pietersma it twadde plak. "En doe gas jaan rjochting Snits. Net normaal, dit is net te leauwen. Sa spannend. Mar ik tink dat wy allinnich mar hiel tefreden wêze kinne mei ús twadde plak."
De folsleine útslach:
1. Snits
2. Drachten
3. De Súdwesthoeke 
4. De Halve Maen
5. Grou
6. Huzum
7. Earnewâld
8. De Jouwer 
9. De Lemmer
10. Langwar
11. Ljouwert
12. Akkrum
13. Wâldsein
14. It Hearrenfean
Al it nijs oer it skûtsjesilen is te finen yn ús skûtsjedossier. Sjoch foar de folsleine útslach en it klassemint op de skûtsjeside.