Ljouwerter bioskopen stride tsjin nije bios op Harmonieplein

02 aug 2016 - 16:04

De Ljouwerter bioskopen Tivoli en Cinema wolle dat de Ried fan Steat de bou fan in Pathébioskoop op it Harmonieplein yn Ljouwert tsjinhâldt. De útbater fan beide bioskopen frege tiisdei by in sitting yn Den Haag om in skorsing fan it bestimmingsplan.

De nije Pathébioskoop soe de ein betsjutte fan de twa besteande bioskopen, sa seit de advokaat fan Tivoli en Cinema. Neffens him hat de gemeente Ljouwert te min ûndersyk dien nei de negative konsekwinsjes fan de komst fan in Pathébioskoop, sa as in fallisemint en leechstân.

De útspraak fan de Ried fan Steat oer it bestimmingsplan is oer twa wiken.

Sân sealen

De Pathébioskoop moat sân sealen krije. De bioskoopketen fynt it wichtich om yn 2018 iepen te gean, as Ljouwert Kulturele Haadstêd is. Pathé fynt dat Cinema en Tivoli mear komfort biede moatte as besikers fuortbliuwe. "Zij hebben de stoelen van Trabantjes en wij van Mercedes'', seit Bernard van der Schans fan Pathé.

"Gjin ferbeane steatsstipe"

Fan ferbeane steatsstipe by de grûndeal tusken de gemeente en Pathé is gjin sprake, seit Van der Schans. De grûnpriis wie marktkonform neffens him. De grûnpriis wurdt pas definityf as de omjouwingsfergunning foar de bou fan it Pathé-kompleks ûnomkearber is.

Dat kin noch wol efkes duorje, tinkt steatsriedslid Niels Koeman. Dit omdat de fergunning oanfochten wurde sil by de rjochter en mooglik by de Ried fan Steat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)