Bloggers moatte wrâlderfgoed de Waadsee op de kaart sette

© Rijke Waddenzee
Der wurdt in bloggersevenemint organisearre op de Waadsee. Tolve reisbloggers út binnen- en bûtenlân sille mei in boat in tocht meitsje oer de Waadsee en oer harren belibbenissen blogge. Se sile fan eilân nei eilân en bringe ek in besite oan Harns en Dokkum.
It saneamde Festival Horizontoer wurdt organisearre yn opdracht fan de provinsje Fryslân en moat it wrâlderfgoed de Waadsee better op de kaart sette. Fanwegen de ynfloed fan bloggers op ynternet, tinkt de provinsje dat sy de oanwiisde persoanen binne om dit foarinoar te krijen.