Keamerfragen SP oer Sionsberg en De Friesland

Twadde Keamerlid Renske Leijten fan de SP © ANP
Soarchfersekerder De Friesland hat mei it opsizzen fan it kontrakt mei sikehûs Sionsberg ''volkomen lak'' oan de winsk fan de ynwenners fan Dokkum. Dat seit de Twadde Keamerfraksje fan de SP.
Neffens keamerlid Renske Leijten ha ynwenners fan Dokkum kear op kear oanjûn dat sy harren sikehûs hâlde wolle. Sy neamt it hanneljen fan De Friesland in demokratysk tekoart. Leijten stelde hjoed keamerfragen. Se wol ûnder oare fan de minister witte of dy de sikehûssoarch yn Dokkum garandearje wol.