Kontrôle op it wetter mei bekeuringen

Wetterplysje (stockfoto) © Omrop Fryslân
De wetterplysje hat moandei ferskate kontrôles hâlden. Op it wetter by Earnewâld moasten 80 skippers meidwaan oan in alkoholkontrôle. Twa fan harren krigen in boete en in farferbod om't se mei tefolle drank de boat bestjoerden.
Yn Súdwest-Fryslân krigen sân skippers in boete om't se te hurd fearen. De skipper fan in boat mei in wetterskyer krige in boete om't hy net ien by him hie as útkyk. Dat is wol ferplichte.