Protte Fryske festivals krije gjin subsydzje

De Fryske festivals dy't subsydzje oanfrege hiene by it Fûns Poadiumkeunsten binne tiisdei teloarsteld. It Flylanner Into the Great Wide Open hie 125.000 euro oanfrege foar de perioade fan 2017-2020, mar krijt neat. Ek al is it fûns posityf oer har programmearring. Itselde jildt foar Welcome to the Village, it festival yn de Griene Stjer by Ljouwert. It fûns krige 212 oanfragen, dêrfan koe it mar 40 prosint honoreare.
Ek it Oranjewoud Festival hat gjin subsydzje krigen. It hie 150.000 euro oanfrege.
It Fûns Poadiumkeunsten fynt har programmearring net ûnderskiedend genôch en dus krijt it gjin jild.