Ferkearsrûzje en de hannen net thúshâlde kinne

02 aug 2016 - 13:49
  • It plysjeburo yn Ljouwert

In 24-jierrige Ljouwerter is moandeitejûn oanholden nei in ferkearsrûzje by De Sintrale yn syn wenplak. De fertochte soe in oare man slein ha. Hy naaide dêrnei út, mar om't it kenteken bekend wie by de plysje koe dy de man achterhelje. De fertochte melde him op fersyk fan de plysje op it buro en is dêr foar fierder ûndersyk oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)