Brânstichting yn Drachten

02 maaie 2012 - 10:29

Yn Drachten is tiisdeitenacht in jonge fan 16 jier oanhâlden, omdat er in bankje yn de brân stutsen hie. Surveillearjende plysjes seagen op it Van Knobelsdorffplein dat der flammen sloegen út in bankje. Flakby fûnen se de jonge.

De jonge die nochal fertocht en hy prate der nuver yn om. Doe't de plysjes trochfregen, bekende de jonge dat er it bankje yn de brân stutsen hie. De jonge is meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Drachten brân brânstichting
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)