Flylanner moat fjoerwapen ôfstean

02 aug 2016 - 12:40

De plysje op Flylân hat in fjoerwapen yn beslach naam. It waard nei in tip fûn yn it hûs fan in 26-jierrige bewenner fan it eilân. Dy levere it wapen frijwillich yn, mei de meidieling dat it neffens him om in fjoerwurkpistoal giet. Tsjin him is proses-ferbaal opmakke, de man moat noch fierder heard wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)