"Misbrûk De Friesland", seit fersekerder DSW

02 aug 2016 - 11:14

Wat soarchfersekerder De Friesland no by sikehûs Sionsberg yn Dokkum docht, liket op it misbrûk meitsjen fan de ''marktmacht'', as grutste fersekerder binnen Sionsberg. Dat seit direkteur Chris Oomen fan soarchfersekerder DSW. Hy riedt Sionsberg oan om nei de Autoriteit Consument & Markt te stappen om dit oan te jaan.

It misbrûken fan de macht is neffens Oomen it slimste wat in fersekerder dwaan kin. Hy neamt it hieltiid yn ûnsekerheid litten fan Sionberg ''net etysk.'' DSW hat him yn it ferline mei Sionsberg bemuoid.

Dat wie yn de tiid dat it sikehûs drige te fusearjen mei it sikehûs yn Drachten. De fersekerder is tsjin fúzjes tusken sikehuzen om't de ôfstannen foar de pasjïnten te grut wurde.

Trefwurden: 
Sionsberg Dokkum De Friesland
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)