Babbeltrúk: sieraden stellen

02 maaie 2012 - 10:12
  • Sieraad

In 75-jierrige frou yn Drachten is tiisdei it slachtoffer wurden fan in babbeltrúk, wêrtroch't sieraden fan har stellen binne. De middeis waard by har thús oan de Uthôf oanbelle. Der stie in frou by de doar dy't it slachtoffer oan de praat hâlde.

In twadde persoan trochsocht ûnderwilens it hûs fan it slachtoffer. Dy is nei alle gedachten troch de achterdoar yn 'e hûs kaam en der sa ek wer útgien. De 75-jierrige frou mist sieraden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)