Toeristebelesting Fryslân op achtste plak

02 aug 2016 - 10:12
  • Toeristen op boat nei Flylân

Toeristen betelje yn Fryslân dit jier gemiddeld 88 sinten per oernachting oan toeristebelesting. Dat docht bliken út in oersjoch dy't de reiswebside Reisgraag makke hat. De 88 sinten is trije sint mear as wat der ferline jier betelle wurde moast.

Fryslân stiet mei dy ferheging op it achtste plak, as it giet om in fergelyk mei oare provinsjes. Yn Súd-Hollân is de toeristebelesting it meast omheech gien, yn Grinslân it minst. Yn dy provinsje hoegde sels minder betelle te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)