Drankrider rekket rydbewiis kwyt yn Ljouwert

Alkoholkontrôle © ANP
In 25-jierrige drankrider út Almelo is moandeitenacht yn Ljouwert syn rydbewiis kwytrekke. De man waard op de Gerbrandywei oan de kant set. Doe't dúdlik waard dat de man mei drank op achter stjoer siet moast hy foar in blaasproef mei nei it plysjeburo. Neist dat hy syn rydbewiis ynleverje moast, is der proses-ferbaal tsjin de man opmakke.