Toeristen op waadeilannen binne goederjousk

Toeristen op de waadeilannen jouwe mear jild út as toeristen yn oare Nederlânske kustgebieten. Per besite besteegje sy 270 euro. Yn Seelân, Súd- en Noard-Hollân is dat 170 euro. De toeristen op de eilannen komme foaral út eigen lân en dan ek nochris benammen út it noarden. Ek allinnichsteanden komme graach nei de eilannen. 12% fan de besikers komt allinnich. Dat is in kear safolle as yn de oare kustgebieten. It tal toeristen bliuwt al jierren hast gelyk, dat skommelt elk jier rûn de 1,3 miljoen. Sy bliuwe sa'n fjouwer nachten op de eilannen.