Kollum: "CJIB tikflater"

De Toan fan Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter
"In lyk man is in ryk man. Dat seit it sprekwurd. En dêr sit wol wat yn. Hoewol, as je in lyk man binne, kinne je best hartstikke earm wêze, en sels dan kinne je it oer materiële en geastlike saken ha. Dus it sprekwurd is net yn alle gefallen wier. As wy in wike mei fakânsje geane, ha ik de gewoante om, foardat we fuort sille, alle rekkens te beteljen. Omdat je dan foar je eigen idee oan alle ferplichtings foldien ha dêr’t je op dat stuit oan foldwaan moatten hienen en dus mei in goed gefoel nei jo fakânsje-adres tagean kinne. In lyk man fielt him dan even as in ryk man. Sa sawat. Der is noch in opsje, mar dêr kom ik daliks op werom.
Ik ha op tolve april fan dit jier in slimme misdie begien. Op de Overstesingel yn it altyd freonlike Drachten ha ik sân kilometer te hurd riden. Ik skyn dus 57 kilometer yn de oere riden te hawwen dêr’t ik 50 mei. Je nimme dat mar foar wierheid oan, yn heal Drachten leinen om dy tiid hinne de diken iepen, dus Van A naar Beter wie doe seker net fan tapassing op Drachten. Hoe dan ek, ik sil net seure, sân kilometer te hurd is hjoed-de-dei goed foar 57 euro oan ekstra stipe foar de steatskas. Dat is dat ding dy’t nea fol komt en dêr’t altyd te min yn sit, witte jim wol? Dy. Klear. 57 euro is acht euro de kilometer, dan moatte je nochal wat kilometerfergoeding barre, wol dat út kinne. By my as zzp’er binne de kosten en de baten yn dit gefal wol helder. Ik ha de boete foldien, betelle en ha besocht my net te folle te ergerjen oan dizze foarm fan boargers peste om ekstra jild te generearjen. Se kinne om my ek wol boetes jaan oan lju dy’t 40 ride dêr’t je 60 meie, mar dat is in oare diskusje.
Doe’t wy sneon werom kamen fan fakânsje, lei de gong fol mei post en kranten. Altyd leuk, even yn it nijs om sneupe en sa. No, de wille wie by my mar koart. No sil ik jim wat oer dy oare opsje fertelle.
In lyk man is in ryk man as er tinkt dat er alle rekkens betelle hat en dus foar syn gefoel mei in leeljeblank gewisse op fakânsje gean kin. Sjoch, ik ha eartiids in typkursus folge. Tsien fingers blyn. Mar inkeld wol der wolris wat mis gean. In tikflater. Op de matte lei in slúf fan it onvolprezen CJIB. Het Centraal Justitieel Incasso Bureau. Dan binne je op it stuit dat je dy brief lizzen sjogge de fakânsje alwer ferjitten. Jo sille dus noch ergens in kear te hurd riden ha, stelle jo je foar. Stom. Mar nee, it is noch stommer. It wie in oanmoanning. Huh? Hoedatsa? Want jo hienen dy bekeuring fan dy sân kilometer dochs betelle, mienden jo? No, hast. Tikflater. Jo ha net 57 euro oermakke, mar 50, achte hear De Jong. Dus wolle jo, omdat je sa goed je bêst dien ha dêr noch even 23.50 euro oerhinne betelje? Totaal wurdt dat dan 29.50. en jo hienen dat eins juster al betelje moatten.
Dy minsken by it CJIB wurkje mei automatyske programma’s, ik snap dat wol. Mar ik hie foar myn gefoel de bekeuring kreas betelle. Soe it ek in idee wêze om yn ditsoarte gefallen even in mailtsje te stjoeren? Sa dreech kin dat net wêze. ‘Wy sjogge dat jo sân euro te min betelle ha. Kinne jo de rest fan it bedrach binnen no en safolle tiid oermeitsje? Mei freonlike groetnis, ensafuorthinne.’
As ik dan net betelje, in oanmoanning, okee. Mar de wize fan dwaan sa as it CJIB no wurket helpt net echt om begryp te kweken. Ik ha yntiids dy 29.50 ekstra mar oermakke. Totaal dus sawat tachtich euro. Troch in tikflater fan 23.50 euro."