Auto útbaarnd yn Blije

02 maaie 2012 - 10:05

Yn Blije is moandeitenacht in auto útbaarnd. De 27-jierrige frou fan wa't de auto wie, hie de auto yn de Keninginnenacht delset op de Farrewei. Dat is flakby in plak dêr't de jeugd faak omhinget.

Doe't se har auto tiisdei wer ophelje soe, seach se dat er hielendal útbaarnd wie. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)