Krityk op enkête oer harten yn Drintsk-Fryske Wold

01 aug 2016 - 22:52
  • Reahart (edelhert)

Der is krityk op in enkête oer de komst fan reaharten (edelherten) nei it Drintsk-Fryske Wâld, skriuwt RTV Drenthe. De VVD yn de gemeente Westerveld fynt de formulearring net dúdlik. Sa wurdt net omskreaun oft der bygelyks stekken om it gebiet hinne komme. Fierders is de enkête in stekproef. Net alle ynwenners wurde om harren miening frege. En it is ek nochris fakânsjetiid.

Opdrachtjouwer de Stjoergroep Drintsk-Fryske Wâld seit dat se de antwurdtermyn ferlinge hawwe. Minsken hawwe no mear tiid om de list yn te folgjen.

Earder waard ek al bekend dat de enkêteformulieren nei Elsloo yn Limburch stjoerd wiene yn plak fan nei Elslo yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)