Ljouwert set Pokémon yn op stedskuiertochten

01 aug 2016 - 21:00

In ynformative stedskuier dy't aardich is foar bern en foar folwoeksenen. De VVV yn Ljouwert tinkt de oplossing betocht te hawwen: in Pokémon-stedskuier. Dielnimmers krije toeristyske ynformaasje oer de stêd, wylst de bern dy't miskien net al te folle nocht hawwe yn ferhalen oer de skiednis fan de Aldehou of de Princessehof, Pokémon fange kinne op de tillefoan.

Moandei wie de earste proefkuier. Dêr wiene fuortendalik al mear dielnimmers as dêr't de VVV op rekkene hie.

De proefkuier gie by it gerjochtshôf oan it Saailâin del en by skouboarch De Harmonie, de Aldehou en de Prinsetún. De kommende wiken wurde mear sokke kuiers hâlden. Opjaan kin op de webside en de Facebookside fan de VVV yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)