Alve wiken wachtsje op rydeksamen

01 aug 2016 - 19:58
  • Lesauto

De wachttiid foar rydeksamens is yn Fryslân bot oprûn. Kandidaten moatte no somtiden tsien of sels alve wiken wachtsje foar't se eksamen dwaan kinne. It stribjen fan it CBR is in wachttiid fan op syn meast sân wiken.

It duorret no langer omdat folle mear 17-jierrigen rydeksamen dwaan wolle as dêr't it CBR op rekkene hie. Boppedat binne 20-jierrigen dwaande mei in ynhelslach. It CBR is drok dwaande mei it sykjen fan ekstra eksaminatoaren. Dy binne net sa maklik te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)