Man wer fermist, syktocht yn bosk nei app-kontakt

01 aug 2016 - 17:56

De plysje hat moandei yn in bosk by Lelystêd om 'e nocht socht nei in fermiste 45-jierrige man út Ljouwert. Dêrby waarden in helikopter, in boat en fjouwer hûnen ynset. De syktocht wie yn de Larserbosk omdat moandeitemoarn noch app-kontakt west hat mei de fermiste man.

De man hat psychyske problemen. Hy wie by famylje op besite en ferdwûn om ûndúdlike redenen. De fermiste hat in wyt t-shirt en in blauwe koarte broek oan. Opfallend wie dat er gjin skuon oan hie. Hy hat yn july ek al ris fermist west, doe ek op bleate fuotten.

As tafallige foarbygongers de fermiste man net sjogge en er net fûn wurdt, giet de plysje tiisdei fierder mei sykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)