Riante útgongsposysje Cambuur

01 maaie 2012 - 22:38

Sportklup Cambuur hat yn de earste play-offwedstriid goede saken dien troch yn Maastricht mei 2-0 te winnen fan MVV. Nei 11 minuten skeat Martijn Barto de 0-1 binnen, nei goed wurk fan Oguzhan Türk. Dyselde Barto stie ek oan de basis fan de 0-2. Hy kopte in bal goed werom op Leon Hese dy't knoerterhurd binnen skeat.

Sneon is de return yn Ljouwert. As Cambuur de earste ronde oerlibbet, wachtet nei alle gedachten VVV Venlo yn de twadde ronde fan de play-offs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)