Hast hûndert popelieren wurde kapt yn de Ljouwerter bosk

01 aug 2016 - 13:50

Yn de Ljouwerter bosk wurde fan woansdei ôf hast hûndert popelieren kapt. Troch in ferdikking yn de stam brutsen de ôfrûne moannen spontaan tûken fan de beammen. Parten fan it Ljouwerter bosk binne dêrom sûnt april ôfsletten.

De kap fan de popelieren duorret oant en mei freed. Ek beammen dy't by de lêste stoarm skea oprûn hawwe, wurde dizze wike kapt. Dêrnei wurde de warskôgingsbuorden yn de bosk fuorthelle en is it folsleine Ljouwerter bosk wer tagonklik.

De kommende tiid wurdt goed yn de gaten holden as der nije gefallen fan stambreuk by de popelieren ûntstean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)